Johannes Brandsma op de Gielguorde

Skoalkeats projekt. Hjoed, 19 april 2006, wie de twadde kear dat Johannes Brandsma op de Gielguorde wie om de bern fan groep 5 en groep 6 kennis meitsje te litten mei it keatsen. Fansels wienen guon bern al earder mei keatslessen dwaande west mar yn de gimmestykles keatsles fan in echte topper, wa wol dat net. Meester Herman helpt Johannes Brandsma bij de lessen yn dit skoalkeats projekt. Bern dy ‘t noch net meikeatse by K.F. Jacob Klaver, binne fansels wolkom by de keatstrainingen fan de feriening. Sy hawwe allegearre in briefke mei ynformaasje meikrigen. Johannes Brandsma komt noch twa kear yn de gimmestykles fan groep 5 en 6. Meikoarten is er ek noch yn de les op skoalle om wat te fertellen oer keatsen, de want en sa mear.

Geplaatst op 19 April 2006